Drok dwaande mei it dekor fan Dûnsjende Wiis

Geplaatst op: 14 April 2015 -Iepenloftspul De Harkema dwaande mei it dekor fan Dûnsjende Wiis
De bouploech fan iepenloftspul “De Harkema“ is útein set mei it bouwen fan it dekor.

De bouploech fan iepenloftspul “De Harkema“ is útein set mei it bouwen fan it dekor. De repetysjes foar Dûnsjende Wiis binne al yn febrewaris begong. Moandeis de dûnsrepetysjes en woansdeis de tekstrepetysjes yn it clubhûs. En minsken, wat wurdt it moai, wat wurdt it moai.


Ein april geane se nei it temapark De Spitkeet en dan krije se de rûmte op in dekor fan fiifentweintich meter breed en acht meter heech. Dat is krekt efkes mear romte as yn it clubhûs, it sil dan efkes wennen wêze. De bouploech docht syn bêst en hopet dat ein april alles klear is.

Foto's gemaakt door Fokke Ophuis


These icons link to social bookmarking sites where readers can share and discover new web pages.
  • Facebook
  • Google
  • Hyves
  • LinkedIn
  • Live
  • MySpace
  • Twitter